FY001.16 Adela
Appearance
Ûntwerp Bosman 2024
C. Ynlieding
Adela jout ried
1.16 [001] Dochs, as letste frege Adela it wurd, en spriek:
- Jimme allegear witte dat ik trije jier burchtmoder west haw. Ek witte jimme dat ik keazen bin ta folksmoder en ek dat nimmen moder wêze wou, trochdat ik Apol ta myn ega begeare. Dochs wat jimme net witte, dat is dat ik alle barrens neigong haw, lykas ik in werklike folksmoder west wie. Ik haw lang fan en werom farre om te sjen wat der barde. Dertroch binne my folle saken helder[1] wurden dy't oaren net witte. Jimme hawwe juster sein, dat ús folk oan de oare side fan de de Weser nuet en lef binne. Dochs mei ik sizze ta jo, dat de Magi harren nimmen in gea ôfnommen hat troch it geweld fan harren wapens, mar súver troch list en bedroch en mear noch troch it gjirrich wêsen fan de lânshearen en de ealmannen.
- Frya hat sein, wy sille nimmen ûnfrije lju by ús talitte. Mar wat hawwe hja dien? Hja hawwe ús fijân neifolge, want yn stee fan harren finzene te deadzjen of frij te litten, hawwe hja Frija's ried minachte, en hja ta harren slaaf makke. Trochdat hja soks dieden, koe Frya net langer weitsje oer harren. Hja hawwe inoar syn frijdom ôfnommen, en dat is de oarsaak fan dat hja harren eigen ferlern hawwe. Dochs dat allegear is josels bekend. Mar ik wol sizze ta jo, hoe hja yn gradaasjes, sa leech fersile binne.
- De Finnen har wiven krigen bern. Dizze waaksten op mei ús Frya bern. Somtiden tûmelen en joelen hja tegearre op it hiem, oft hja wieren mei-inoar by de hurd. Dêr hearden sy mei lust nei de oerdwealske Finske sagen. Trochdat sy spannend en nei wiene, sa binne hja ferfrjemde[2] ûndanks it tafersjoch fan harren âlders. Doe't de bern grut waarden en seagen dat de Finske bern nimmen wapens hantearren mochten, en allinnich wurkje moasten, doe krigen hja oan it werke in griis en waarden slim heechhertich.[3] De lieders[4] en harren sterkste soannen krûpten by de lodderige Finske froulju, en harren eigen dochters troch dat bedoarne foarbyld fan de wei brocht, lieten harrensels begeare troch de moaiste[5] Finske knapen, ta spot fan harren bedoarne âlders. Doe't de Magi dit oan de noas krige, doe naam er de moaiste fan syn Finnen en Magyar, en beloofde harren kij mei gouden hoarnen, as sy sich ûnder ús mongen,[6] en efternei syn lear ferspriede. Mar syn lju dieden mear: Bern waarden fuort naam[7] en nei Upsalands ta brocht. En sadree hja opbrocht wiene mei syn bedoarne lear, waarden sy tebek stjoerd.[8]
- Doe't de skyn-slaven ús taal machtich wiene, doe kleefden hja by de hertogen (legerlieding) en edellingen oan it board,[9] en kieze moasten harren Magi hearrich te wurden, sa koene harren soannen harren opfolgje, sûnder troch it folk keazen te wurden. Dyjingen dy't om goede dieden een foardiel[10] ta harren hûs krigen hiene, beloofden hja yn namme fan de Magi,[11] in efterdiel by.[12] Hokker dy't in foar- en efterdiel krigen hiene, seine hja in rûndeel[13] ta, en dy't in rûndeel hiene, in hiel stee.[14] Wiene de âlders sterke[15] Fryas, dan namen hja in oare koers (wenden hja harren steven: draaiden hja harren boat) en holden op de ferbastere soannen oan.
- Juster wiene er ûnder jimme guon dy't alle folk opswypkje woene[16] om de eastlike steaten wer ta harren plichten te twinge. Dochs nei myn ienfâldige miening, sil dit falikant[17] útkomme. Tink jimme es yn, der wie hjir in slimme longsykte ûnder it fee west en dat er (dy sykte) noch slim tjirre [nog herzien]. Soene jo dan wol weagje om jo sûne fee gean te litten ûnder harren siike fee? Immer nea. Omdat elkenien[18] no beame en bychte moat dat it dêr mei de feestapel slim ôfrinne sil. Wa sil dan al sa dryst wêze om syn bern te weagjen ûnder in folk dat hielendal bedoarn is?
- Mocht ik jo ried jaan, ik soe sizze ta jo: Jo moatte foardat jo wat oars dogge,[19] jo in nije folksmoder kieze. Ik wit wol dat jo dêrmei yn de brut sitte útrêden dat er fan de trettjin burchtfammen dy't wy noch oer hawwe, wol acht binne dy't nei dy eare tingje. Dêr sil ik net oer sprekke. Tüntja, dy't faam is op de burch Medeasblik, hat der nimmen nei taalt. Dochs is hja fol wittenskip en heldersjend en wol sa slim op ús folk en ús plichten stelt, as alle oare fammen tegearre.
- Fierder sil ik sizze, jimme moatte nei de burchten ta gean, en dêr opskriuwe alle wetten, Fryas tex en byinoar alle skiednissen, ja alles dat der te fine is, op de muorren, sadat sy nimmen ferlern gean en nimmen mei de burchten ek teneate wurde. Dêr[20] stiet beskreaun dat de moder en elke burchtfaam sil hawwe, bûten helpers en bodes, ienentwintich fammen en sân learfamkes. As it oan my leit,[21] dan soe ik skriuwe en safolle earsume dochters te sammelje om te leare, as dat der op de burchten libje kinne.
- Want ik siz yn trouens en de tiid sil it bewize:
- As jo echte Fryas bern ha wolle, dy't harren nimmen troch list of geweld oerwinne litte, sa hawwe jo te soarchje dat jo dochters echte Fryas wiiven[22] wurde. Bern moat men leare hoe grut us lân west hat, hokker grutte minsken ús foarâlders wiene, hoe grut wy no noch binne yn fergelyk my oaren. Men moat hja fertelle fan de helden en fan harren heldhafige dieden, ek oer fiere seetochten. Al dizze fertellingen hearre dien te wurden by de hurd, op it hiem, en wêr it wêze mei, by blidens as by treurnis, mar sil it stânfêst komme in it brein en yn it hert, dan moat alle leare oer de lippen fan jo froulju en dochters deryn streame.
De ried fan Adela waard folge.
Notysjes
- ↑ letterlik: baar, naakt
- ↑ letterlik: ûntFryast
- ↑ letterlik: heechfarend
- ↑ letterlik: bazen
- ↑ letterlik: skjinste
- ↑ letterlik: sich troch ús folk fetsje dieden
- ↑ letterlik: ta sykjen makke/zoek gemaakt
- ↑ nei Frya's folk
- ↑ board fan de klean, oan de kraach. Kin ek wêze: oan de tafel
- ↑ dat part fan it hiem dat foar hûs leit/ foartún
- ↑ letterlik: fan syn wegen
- ↑ hiem efter de wente
- ↑ hiem om de hiele wente
- ↑ PIE Stathul=basis, of Ofris: sted/stêd. Ook PIE: stede: city/town) Ik houd daarom stee aan.
- ↑ letterlik: te hurde
- ↑ letterlik ta in bult swipe
- ↑ mis/scheef letterlik: in skeve kant, net rjocht sage hout. wurdt sa tsjinwurdich yn it Frysk net mear brûkt.
- ↑ letterlik: alle mannen, net sa sear as mannen mar as minsken/men.
- ↑ foar alle dingen
- ↑ op de muorren fan de burchten
- ↑ mocht ik dêr wat ta dwaan
- ↑ frou oft froulju
Lês fierder
FY001.01 Betizing ᐊ foarige/folgjende ᐅ FY005.08 Nammen
Yn oare talen