Jump to content

FY005.08 Nammen

From Oera Linda Wiki

Ûntwerp Bosman 2024

C. Ynlieding

Nammen fan de grevetmannen

5.08 Dit binne de nammen fan de grevetmannen, ûnder waans bewâld dit boek makke is:

Apol, Adelas's man, trije kear is er seekening west, no is hy grevetman oer east-Flielân en oer de Linda oarden. De burgen Ljudgarda, Lindaheem, en Stavia binne ûnder syn hoede.

De Saxman Storo, Sytja's man, grevetman oer de heage fennen en wâlden, njoggen kear is er ta hertog, dat is, ta hearman[1] keazen. De burgen Buda en Mannagardaforda binne ûnder syn hoede.

Abelo, Jaltja's man, grevetman oer de súdelike Flielannen, fjouwer kear is hy hearman west. De burgen Aken, Liudberg en Katsburg binne ûnder syn hoede

Enoch, Diwek har man, grevetman oer west Flielân en Texlân, njoggen kear is hy ta seekening keazen. De Waraburg, Medeasblik, Forana en âld Fryasburg binne ûnder syn hoede.

Foppo, man fan Dunros, grevetman oer de sân eilannen, fiif kear is hy seekening west. De burg Walhallagara is ûnder syn hoede.

Notysjes

  1. legerlieder

Lês fierder

FY001.16 Adela ᐊ foarige/folgjende ᐅ [[]]

Yn oare talen

DE005.08 Namen
EN005.08 Names
NL005.08 Namen
ES005.08 Alcaldes
FS005.08 NÔMA
NO005.08 Navnene