Jump to content

FY00a.01 Hidde

From Oera Linda Wiki

Ûntwerp Bosman 2024

Brieven

A. Hidde Oera Linda

a.01 [00a] Okke, myn soan,

Dizze boeken moast do my liif en siel beweitsje. Hja omfetsje de skiednis fan ús hiele folk, ek fan ús foarâlden. Ferliene jier haw ik hja út de floed rêden, tagelyk mei dy en dyn mem. Dochs, hja waarden wiet, dêrtroch gongen hja efternei bedjerre. Om harren net te ferlieze, haw ik hja op útlânsk papier oerskreaun.

(As?) do se ervest, moatst do se ek oerskriuwe.[1] Dyn bern ek sa, sadat hja nimmen[2] wei reitsje.

Skreaun te[3] Ljúwert, nei Átland sonken is. Dat is trijetûzen fjouwerhûndert en njoggen en fjirtichste jier. Dat is nei kristlike rekkening tolvehûndert seis en fyftichste jier.

Hidde efternamme[4] Oera Linda.

Weitsje![5]

Notysjes

  1. overskrieve yn steds-Frysk
  2. noait net — noch immen binne der in protte Friezen dy't de dûbele ûntkenning brûke. Bygelyks: Ik haw noait gjin problemen mei myn auto
  3. to yn foaroarlochs Frysk
  4. tanamme
  5. Wês Wach!

Lês fierder

Folgjende haadstik ᐅ FY00b.01 Liko

Yn oare talen

DE00a.01 Hidde
EN00a.01 Hidde
ES00a.01 Hidde
FS00a.01 HIDDE
NL00a.01 Hidde
NO00a.01 Hidde